$image->title
 
Ynformaasje

Haedstikken:

- Iepeningstiden
- Deiyndeling

- Kosten
- Leeftyd
- Earste dei
- VVE Project
- Taalbelied
- Sykte
- Fan pjut oant beuker
- Oare praktyske saken


Iepeningstiden

Der binne 2 groepen, mei twa  deidielen:

Groep 1:

Moandei          08.30-12.00

Tongersdei      08.30-12.00


Groep 2:

Tiisdei             08.30-12.00

Freed              08.30-12.00

Der  bestiet ek de mooglikheid om in tredde deidiel yn ‘e wike te kommen. Dit  graach tiidich oanjaan by de Stichting. Fol is fol.

Deiyndeling

In moarn op it pjutteboartersplak

Alle bern wurde sa folle mooglik wolkom hjitten. Soms wurdt der mei de âlder noch in spultsje dien of mei de liedster wat besprutsen en dêrnei wurdt mem / heit útswaaid.

De bern meie frij boartsje en kinne dêrby kieze út: ridend materiaal, glydbaan, klimhûs, puzels, konstruksjemateriaal, poppehoeke, boekjes lêzen, ensfh.

As de bern in skoft boarte hawwe, dan romje wy meiïnoar op. Soms dogge wy noch in spultsje yn ‘e rûnte. Dan is it tiid foar it fruititen: it rêstpunt yn de moarn / middei. Wy sitte yn ‘e rûnte om de tafel en ûnder it fruititen ûntsteane der faak gesprekjes en sa wurdt it in gesellich barren. Faak wurdt der in ferhaaltsje ferteld as noch net alle bern it fruit op hawwe.

Nei it fruititen dogge wy meastal in mienskiplike aktiviteit, lykas bgl. it meitsjen fan in wurkstikje, kleurjen of boartsjen mei klaai. By moai waar wurdt der bûten boarte mei de fytskes, trekkers, it klimhûs, ballen en yn de sânbak. Nei it bûtenboartsjen romje wy wer meiïnoar op.

Wannear’t it tiid is om nei hûs ta te gean sjonge wy noch in pear ferskes en nimme ôfskie fan elkoar. De âlden steane dan al te wachtsjen om har bern wer mei nei hûs te nimmen.

It foardiel fan in fêste dei-yndieling is, dat it bern dêr in feilich gefoel troch kriget. It bern wit op dy manier krekt wat der barre sil.

Kosten

De âlderbydrage hinget ôf fan jo ynkommen. Op www.kinderopfangfriesland.nl/peuteropvang/tarieven kinne jo ienfâldig sjen wat dat foar jo spesjale situaasje ynhâld.
De âlderbydrage is alle moannen itselde, ek as jo bern bygelyks troch sykte of fakânsje net nei it pjutteboartersplak giet. Ek yn de simmermoannen, wannear’t it pjutteboartersplak yn ferbân mei fakânsje sluten is, moat de âlderbydrage betelle wurde. De âlderbydrage wurdt fan de earste besite ôf oant de lêste besite betelle.

Leeftyd

In pjutteboartersplak is bedoeld foar bern yn ‘e leeftyd fan twa oant fjouwer jier.

De meast pjutten komme 2 as 3 kear yn'e wike. Fansels kin jo pjut ek 1 kear yn de wike komme.

Earste dei

It is foar pjutten in grutte stap om foar it earst nei it pjutteboartersplak te gean.
Faak hat in bern tiid nedich om de nije yndrukken te ferwurkjen en om te wennen.

Ferwachtsje jo dat hy/sy in soad muoite hawwe sil om te wennen, jou him/har dan de earste kearen wat mei dat it bern fan thús kin, bgl. in favorite knuffel.

Healwei de moarn wurdt der yn de rûnte dronken en fruit iten.
Wolle jo skyld en yn partsjes snien fruit en in beker drinken meijaan en op de beker, it fruitbakje en de tas de namme fan jo bern sette?

As jo bern nei jo ôfskie fertriet hat, dan kinne jo der fan op oan dat de liedster him/har fuortdaliks nei’t jo fuortgongen binne ekstra oandacht jaan sil. De measte bern witte nei in pear kear dat jo harren echt wer ophelje en begjinne dan ek lekker te boartsjen. Is jo bern, om hokker reden dan ek, net te treasten is, dan sil de liedster jo belje.

VVE projekt

Wat hâldt it VVE projekt yn?

VVE (voor- en vroegschoolse educatie) hat as doel taalefterstân foar te kommen by pjutten en beukers. De VVE-regeling is der kommen om’t op in stuit dúdlik waard dat hyltiten mear bern yn it earste jier fan de basisskoalle in efterstân op it mêd fan taal hawwe.

De VVE-regeling is in lannelike regeling dêr’t benammen de pjutteboartersplakken geweldich profyt fan hawwe, sa hat bliken dien.

Yn it ramt fan it VVE-projekt wurdt op alle pjutteboartersplakken fan SPF wurke mei Piramide, in ûnderwiismetoade mei in soad omtinken foar taalûntwikkeling.

Frjentsjerteradiel is ien fan ’e gemeenten dy’t ekstra subsydzje krijt foar de útfiering fan VVE-aktiviteiten op ’e pjutterbuortersplakken.


Taalbelied

Fryslân is in twatalige provinsje; it Frysk en it Hollânsk wurde beide folop brûkt.

Foar ynwenners fan Fryslân is it dan ek wichtich beide talen yn elk gefal goed ferstean te kinnen. Bern dy’t twatalich opgroeie binne fleksibiler yn it omgean mei oare talen.

Hja ha al ûnderfun dat in ding b.g. in “tsjil”ek “wiel” neamt wurde kin: der ha hja letter by it oanlearen fan oare talen lykas Ingels, Frânsk of Dúts foardiel fan.

De Pjutten dy’t Frysk as memmetaal ha wurde al fansels twaltich grutbrocht, tink mar oan de berneprogramma’s op de t.v. en it taalgebruk yn de winkels, op strjitte en yn de sted. Yn de perioade dat de pjut syn taal ûntwikkelt is it goed de memmetaal  te ûndersteunen en te fersterkjen. Foar de Hollânsktalige pjutten is it goed dat se it Frysk yn elk gefal leare te ferstean. Troch kinsekwint Frysk te praten ek tsjin Hollânstalige bern leare se dat.

De liedsters( en frijwilligsters en stasjêres) prate Frysk tsjin âlders en pjutten, ek tsjin Hollânsktalige âlders en bern. De measte ynformaasje nei de âlders ta is yn it frysk. Ferhaaltsjes, ferskes, spultsjes ensf. wurde yn it Frysk oan bean. De âlders en de pjutten kinnen harren eigen taal prate.

Us doel is dat  pjutten yn’e kunde komme mei de Fryske taal en/of de Fryske taal te ferrykjen.



Sykte

By koarts, diarree, eachûntstekkings en sa, riede wy jo oan om jo bern thús te hâlden. Dat is yn it belang fan jo eigen bern, mar ek yn dat fan de oare bern op it pjutteboartersplak.

Wolle jo it oan ús trochjaan wannear’t jo bern, om hokker reden dan ek, net komme kin?

As der binnen jo gesin in besmetlike sykte hearsket fersykje wy jo om dat by de liedster te melden.

Wannear’t jo bern yn de tiid dat hy / sy op it boartersplak is medisinen ynnimme moat, dan moatte jo by de liedster in formulier ynfolje oer it gebrûk fan it genêsmiddel.


Fan pjut oant beuker

By it stimulearjen fan in goede, lykwichtige ûntwikkeling fan pjutten, giet it om it kweken fan selsbetrouwen, it útdaagjen fan de natuerlike nijsgjirrigens en it prikkeljen fan harren ûndernimmingssin. Dat ûntwikkelje bern troch har boartsjen en in rike boartersomjouwing. Troch it spuloanbod en de kontakten mei bern fan deselde âldens, leveret it pjutteboartersplak in wichtige bydrage oan de ûntwikkeling fan it jonge bern.

Bern ûntwikkelje harren oan ien wei troch en yn in trochgeande line.

Alle basisskoallen, pjutteboartersplakken en it konsultaasjeburo yn de gemeente Waadhoeke binne der fan oertsjûge dat it in goed ding is wannear’t hja mienskiplik foar dy trochgeande line soarchdrage.

In ynstrumint om de ûntwikkeling fan it jonge bern trochgeand te folgjen, is it brûken fan in oerdrachtformulier pjutteboartersplak / basisskoalle.

Lokkich ferrint de ûntwikkeling by it grutste part fan de bern sûnder problemen. Foar in lyts part fan de bern jildt dat lykwols net en krekt foar harren is it wichtich dat hja op ‘e tiid de winske ûndersteuning krije.

Likegoed is it foar in goede start op de basisskoalle winsklik dat de learkrêft op ‘e hichte is fan de eventuele ekstra oandacht dy’t it bern op it pjutteboartersplak krige en/of wat de liedster opfoel yn de sosjaal emoasjonele ûntwikkeling, it boarters-, en wurkgedrach, de spraak / taalûntwikkeling, de selsredsumens en motoaryske feardigens.

In oerdrachtformulier kin dêr in helpmiddel by wêze.

De âlden krije it oerdrachtformulier fan de liedster wannear’t harren bern mei fjouwer jier fan it pjutteboartersplak ôf giet. Fan de âlden wurdt ferwachte dat sy dat oerdrachtformulier oerjouwe oan de learkrêft fan harren bern. As der foar de âlden en/of liedster oanlieding is om it formulier te besprekken, dan kinne dêr ôfspraken foar makke wurde. As jo fragen hawwe oer it gebrûk fan in oerdrachtformulier dan wolle de liedsters jo graach ynformearje.

Om in oerdrachtformulier ynfolje te kinnen moat de liedster in goed byld hawwe fan de ûntwikkeling fan it bern. Dat bart û.o. troch de deistige observaasjes en alle liedsters dogge dat as fansels: sy sjogge hoe’t in bern him ûntwikkelet en hoe’t hy him gedraacht yn ferliking mei oare bern.

Om har eigen oardiel te hifkjen en / of te befêstigjen, kin de liedster in observaasjemetoade brûke. Op pjutteboartersplak It Kikkertfiskje wurdt dêr de observaasjemetoade fan Piramide foar brûkt.  Ek kin de liedster gebrûk meitsje fan it toetssysteem fan Piramide.

Alle pjutten fan trije jier en âlder wurde op syn minst ien kear yn ’t jier observearre mei help fan dy observaasjemetoade.


Oare praktyske saken

Klean
As jo bern noch net droech is, is dat foar ús gjin probleem. Jou yn dat gefal skjinne ruften en reserveklean mei. Foar pjutten dy’t wol droech binne is it ek oan te rieden om reserveklean mei te jaan.

It fuortreitsjen fan spul
Op It Kikkertfiskje is genôch leuk en feilich boartersguod. Dêrom hoecht jo bern gjin eigen boartersguod mei te nimmen. Wy riede sels oan om dat net te dwaan om’t meinommen boartersguod soms wei of skansearre wurdt.
It pjutteboartersplak kin net oanspraaklik steld wurde foar ferlies of fuortreitsjen fan boartersguod en klean.

Luzetassen
Sa no en dan binne der yn it skoallegebou wol ris inkele luzen. Die ha we fansels leaver net. Dêrom brûke we op “it Kikkertfiskje” de luzetassen. Jo kinne sa’n luzetas fan ús liene. It is de bedoeling dat jo de luzetas thús bewarje. Giet jo pjut fan ”it Kikkertfiskje” ôf, dan graach it taske wer útwosken werom jaan.

Foto’s
Wy ha op it Kikkertfiskje in digitale kamera. Der binne somtiden moaie saken om eefkes fêst te lizzen. Ha jo beswier as we jo pjut op ‘e foto sette, wolle jo dat dan oan de liedster troch jaan as op it intakeformulier ynfolje.

Feesten en útstapkes
Op it boartersplak wurdt der ek omtinken jûn oan tradisjonele feesten: Kryst, Peaske en Sinteklaas. It boartersplak besiket dat alle jierren wer te dwaan op in manier dy’t de bern oansprekt:  kearskes oan en de krystbeam fersiere, peaske-aaikes / haskes, ferhaaltsjes en ferskes oer Sinteklaas, wurkstikjes meitsje en it skuontsje sette. De âlden meitsje sels in sinteklazekadootsje foar harren bern. Sinteklaas komt net op besite.

Op de jierdei fan de pjut is it fansels feest en der wurdt in feesthoed makke. Oan de ein fan de moarn(tiidstip yn oerlis mei de âlden) mei de pjut dy’t syn / har jierdei fiert, traktearje (de traktaasje graach yn oerlis mei de liedster, yn ferbân mei eventuele itensyntolerânsjes).
De groep sjongt dan foar de pjut, meastal yn oanwêzigens fan heit / mem.

Oan de ein fan it skoaljier meitsje wy noch in lyts skoalreiske. It is de bedoeling dat ien fan de âlden of in fersoarger meigiet mei de reiskes.

Snobbersguod
Jou leaver gjin snobbersguod mei. Allinnich op bysûndere dagen wurdt der 'snobbe' en dat giet dan altyd mienskiplik sadat net ien him / har bûtensletten field.

Fersekering
It pjutteboartersplak is in feilich boartersplak, mar nettsjinsteande dat, hawwe wy dochs foar alle pjutten in ûngelokke- en oanspraaklikensfersekering ôfsletten.

Alderkontakten
In goed kontakt tusken âlden / fersoargers en de liedster is yn it belang fan it bern. Wy fine it dêrom wichtich dat jo de liedster ynformearje as der bysûnderheden binne, dy’t it gedrach fan jo bern beynfloedzje kinne of wannear’t der wat is dat spesjale oandacht freget. Jo stelle dêrmei de liedster yn de gelegenheid om begripend  te reagearjen.

Parkeren
Hjirûnder fine jo ynformaasje oer it parkeren rûnom OBS De Steven. By binnenkomst troch de haadyngong fine jo ús oan de rjochterkant.