$image->title
 
Thússide

Wolkom op de side, Pjutteboartersplak it Kikkertfiskje biedt bern boartsjendewiis learûnderfinings en ûntwikkelingskânsen, dy’t by it groeiende ûntwikkelingsnivo fan pjutten oanslute.

Op it Kikkertfiskje wurkje wy mei dyplomeare liedsters. De liedster begeliedt en stimulearret de ûntwikkeling fan de bern troch harren in soad romte te jaan om te ûntdekken en om inisjativen te nimmen. Foar it bern kin de liedster in boarne fan ynspiraasje wêze troch mei de bern mei te tinken, mei te boartsjen en troch aktiviteiten oan te bieden dy’t by harren ûntjouwing oanslute. De oanwêzigens fan bern fan de eigen leeftyd is in ekstra stimulans. Bern leare in soad fan inoar, sjogge hoe’t oaren reagearje, folje inoar oan en wurde útdage om nije dingen te ûntdekken.

Trochdat der fêste liedsters op alle groepen stean (maksimaal 14 pjutten) wurdt de bern feiligens oanbean. It Kikkertfiskje is in bytsje bysûnder: we jouwe ekstra omtinken oan taal. Dat dogge we ûnder oare troch it brûken fan it Frysk (ús subdoel is om pjutten yn ‘e kunde komme te litten mei de Fryske taal en/of de Fryske taal te ferrykjen). Foar mear ynformaasje, sjoch by it punt taalbelied.

Lokaasje-adres: It Kikkertfiskje

Noorderbolwurk 1
8801 KK Frjentsjer
(yn it gebou fan obs De Steven).
E. itkikkertfiskje@hotmail.com

Tillefoan: 06-400 44 256  (berikber tidens iepeningstiiden tusken 8.30 en 12.00 oere).


Wolle jo nei it lêzen fan dizze side mear ynformaasje, dan binne jo fan herte wolkom op ús lokaasje om ris te sjen hoe’t it der om en ta giet en om de sfear te priuwen. Wy stean jo graach te wurd.