$image->title
 
Organisaasje

De organisaasje

Pjutteboartersplak It Kikkertfiskje is in ûnderdiel fan de Stichting Kinderopvang Friesland. Dit is in organisaasje foar ferskillende soarten fan berneopfang. Bygelyks: bernedeiferbliuw, BSO, fakânsje opfang, gastâlderopfang, lytsskalige berneopfang, pjutteopfang.

De liedsters

Pjutteboartersplak It Kikkertfiskje wurdt laat troch Annie Bouma en sy hat de einferantwurding. In groep bestiet út maksimaal 14 bern en hat har eigen juf. In pjut kin pas noflik boartsje as hy/sy himnop syn plak fielt en in juf dy’t fertroud is mei it bern helpt dêrby.


Alderrie

De belangen fan it pjutteboartersplak wurde behertige troch in âlderrie. Dy bestiet út minsken dy’t it pjutteboartersplak in waarm hert tadrage en dy’t sels bern op it pjutteboartersplak hawwe.

De âlderrie bestiet út tenminsten 2 persoanen en hat de neikommende taken:

  • in meitinkende en útfierende taak t.o.f. de akkomodaasje, it bûtenterrein, de ynventaris, aktiviteiten, jierfeesten;
  • in ûnderstypjende taak t.o.f. de liedsters op it mêd fan ynformaasjefoarsjenning oan de âlden, administrative taken, de organisaasje fan âlderjûnen;
  • in sinjalearjende en advisearjende taak t.o.f. belangenbehertiging fan de âlden en pjutten op it mêd fan kwaliteit, feiligens en hygiëne;
  • in stimulearjende taak t.o.f. de âlderbelutsenens en it posityf ûnder de oandacht bringen fan it pjutteboartersplakwurk yn de neiste omjouwing;
  • de taak jin te ynformearjen (ynformearje te litten) oer it pedagogysk belied fan Kinderopvang Friesland, Reglemint Alderkommisje, Klachten Regeling Alderkommisje, Sintrale Alderkommisje en oer saken as feiligens, sûnens en wolwêzen op it pjutteboartersplak foar safier ‘t dat de pjutten en/of âlden oangiet;
GGD-rapport


It GGD-rapport kinne jo ynsjen fia de side: www.kinderopvangfriesland.nl/peuteropvang/locaties


Soarch-bern

It boartersplak kin funksjonearje as in licht terapeutysk miljeu oangeande licht beheinde bern. As kritearium jildt dat dy bern allinnich mar opnommen wurde kinne wannear’t de groep soks “oan kin”.

Gearwurking mei oare ynstellings

It pjutteboartersplakwurk ûntwikkelet him ta in foarsjenning dy’t hieltyd mear kontakten leit mei organisaasjes dy’t har rjochtsje op bern fan 0 – 6 jier. SKF partisipearret ek binnen gemeentlike netwurken lykas it basisûnderwiis, it konsultaasjeburo en gemeentlike oerlisorganen.

It kikkertfiskje is lid fan de “Feriening Frysktalige Berne-opfang”.

Stichting Kinderopvang Friesland (SKF)

Us pjutteboartersplak is ûnderdiel fan Stichting Kinderopvang Friesland

De personiele, finansjele en administrative saken komme foar rekken fan SKF en binne troch SKF sintralisearre. Dy saken wurde foar alle oansletten pjutteboartersplakken op deselde manier útfierd.